Priis foar Ferwerderadiel

De gemeente Ferwerderadiel hat de earste Anita Andriesenpriis wûn. De gemeente krijt de priis om't it al jierren in soad omtinken hat foar de kwaliteit fan it lânskip en de doarpen yn de gemeente.
Foarbylden binne it opnij ynrjochtsjen fan Burdaard en de Lytse Buorren yn Marrum en de bou fan wensoarchsintrum Offingaburg. Hjirmei jout de gemeente kwaliteit oan de omjouwing. Op 15 septimber wurdt de priis útrikt.