Nije oanfraach metalfeest

18 aug 2010 - 14:11

Ljouwert moat takom jier in metalfeest krije op it Aldehoustertsjerkhôf. De organisaasje fan it 'Into The Grave'-festival' hat dizze wike wer in evenemintefergunning oanfrege.

Earder waard it feest troch de gemeente ferbean. De fergunning waard net ferliend om't it feest tagelyk mei de Snitswike wie. Der koene net genôch plysjes frijmakke wurde. Neffens de organisaasje wie troch de gemeente ûnoffisjeel al tasein dat it wol trochgean koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)