Supermerk Hylpen winters ticht

De supermerk yn Hylpen giet yn de winter ticht. Yn de winter komme der te min minsken om de kosten foar de supermerk der út te heljen, sa seit de eigner. Eigner Haring Sikkes is benaud dat er tefolle skulden makket.
Doel is wol om de winkel yn de simmer iepen te hâlden. Dan is it folle drokker, omdat der in soad toeristen yn Hylpen komme. Ynwenners fan Hylpen moatte winters tenei nei Koudum of Warkum foar de boadskippen.