Man pakt dy't noch sitte moat

18 aug 2010 - 11:29

In Ljouwerter (20) is tiisdei flink tsjin de lampe rûn yn syn wenplak. Op de Iewâl herkenden plysjeminsken him. Dy wisten dat er noch in finzenisstraf fan 150 dagen iepen stean hie.

Nei in lytse wrakseling koe de man oanhâlden wurde. Op it plysjeburo die bliken dat er ek noch 10 xtc pillen by him hie. Dy binne yn beslach naam. De man kin him no klear meitsje foar 150 dagen yn de finzenis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)