Plysje pakt jonge fandalen op

Op it stasjonsplein yn Ljouwert hat de plysje tiisdeitejûn twa jonges (15) in boete jûn foar baldiedichheid. In befeiligingsmeiwurker seach dat de jonges opfallende belangstelling hiene foar de fytsen by it NS stasjon.
Doe't se fan ferskate fytsen de ljochten helle hiene, hâlde de befeiliger har oan. Se binne oerdroegen oan de plysje. Se moasten de ljochten wer op de fytsen sette. Dêrnei krigen se in boete en waarden de âlden ynljochte oer it foarfal.