Boete yllegaal ferbrânen ôffal
In ynwenner (50) fan Easthim hat in boete krigen foar it yllegaal ferbrânen fan ôffal. Foarbygongers tochten tiisdei dat de pleats fan de man yn 'e brân stie om't se in protte reek seagen. Ferskate helptsjinsten rukten út.
Al gau die bliken dat net de buorkerij yn 'e brân stie, mar dat de eigner ôffal achter syn wenhûs oan it ferbrânen wie.