Jonge mishannele op Skylge

De plysje hat op Skylge in jonge (17) fan Utrecht oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan mishanneling. Hy soe by in hoarekagelegenheid yn West in jonge (16) út Haaksbergen tiisdeitenacht in kopstjit jûn ha.
Mooglike oanlieding wie dat de Utrechter tocht dat de jonge oan it foardringen wie. Doe't er oanhâlden waard, hie er in skroevedraaier yn 'e sok. Hy hie ek drugs brûkt. Der is proses ferbaal tsjin him opmakke. De jonge sit noch fêst.