Kantele boukraan wer oerein

De boukraan dy't tiisdei by it PM-kanaal kantele stiet wer rjochtop. De kraan is mei help fan in swiere tilleskoopkraan en in ekstra kraan op rupsbannen oerein takele.
De boukraan wie oan it PM-kanaal tusken Jirnsum en Terherne dwaande mei it pleatsen fan in damwand. By it foarútriden bedarre de kraan yn in gat en foel op syn kant. De kraanmasinist kaam mei de skrik frij. It wurk oan de damwand kin nei alle gedachten woansdei wer fierder.