Enerzjysubsydzjepot is leech

17 aug 2010 - 21:06

De subsydzjepot fan de provinsje foar it enerzjysunich meitsjen fan huzen is leech. Der siet 1 miljoen euro yn foar ynwenners foar de provinsje dy't ynvestearje wolle yn enerzjy-besparjende maatregels. De provinsje wol hjirmei berikke dat de wenlesten fan minsken nei ûnderen gean en tagelyk soarget it foar wurkgelegenheid yn de bou.

De measte minsken wolle de muorren, it dak of de flier fan it hûs oanpakke om dêrmei enerzjy te besparjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)