Mear grien ljocht op It Amelân

17 aug 2010 - 20:51

It projekt mei it fûgelfreonlike griene ljocht op It Amelân wurdt nei alle gedachten útwreide. De gemeente wol ek yn it bûtengebiet graach sok grien ljocht ynstallearje. It punt is ek ynbrocht yn it oerlis fan de fjouwer Fryske Waadeilannen. It griene ljocht is better foar de fûgels, mar is net suniger as de gewoane ferljochting.

De gemeente sil meikoarten mei Philips prate oer in soarte led-ferljochting dy't èn grien èn sunich is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)