Mear seehûnen yn it Waad

Der binne wer mear seehûnen yn de Waadsee as earder. Meiwurkers fan de seehûnekresj fan Pieterburen hawwe tidens fluchten boppe it Waad 5600 gewoane seehûnen en in pear grize seehûnen teld. It oantal seehûnen wurdt dus, nettsjinsteande fersmoarging en fersteuring, dochs grutter.
It is bysûnder dat it tal seehûnen hjir groeit, want yn lannen as Skotlân en Ingelân giet it krekt folle minder mei de seehûn.