Soad besikers Open Stal

17 aug 2010 - 16:37

De Open Stal yn Aldeberkeap hat hast 10.000 besikers lutsen dit jier. Noch net earder binne safolle minsken op dit Fryske keunstevenemint ôfkaam. De Open Stal is in keunst- en sjochrûte. Yn Aldeberkeap binne allegear keunstwurken te sjen op ferskate plakken. Dit kin yn gewoane huzen wêze, mar bygelyks ek yn de tsjerke, de skoalle of yn 'e natuer.

Dit jier wie de Open Stal fan 17 july oant 15 augustus. Takom jier bestiet de keunstrûte 40 jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)