Graafmasine kantele by Aldskou

17 aug 2010 - 16:06

Oan it PM-kanaal tusken Jirnsum en Terherne is in graafmasine kantele en hast op de heechspanningskabels fallen. De kraan wie tiisdei dwaande mei it pleatsen fan in daamwand yn it kanaal. De masinist is mei de skrik frijkommen.

In oare 500 tons kraan is nedich om de omfallen masine wer oerein te krijen en de stroomtafier op de heechspanningskabels moat ûnderbrutsen wurde. De ferwachting is dat de kraan tiisdeitejûn wer oerein stil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)