Fergunning Omrin ynlutsen

De boufergunning fan it saneamde kondinsgebou fan ôffalferwurker Omrin yn Harns is ynlutsen. Dêrta hat it kolleezje fan B&W Harns besletten.
It gebou, dat ûnderdiel is fan it liedingnetwurk dat oanlein wurdt fan de nijbou fan Omrin nei Frisia sâlt, is te heech. Neffens de fergunning mei it gebou maksimaal tsien meter heech wêze, mar it is goed alve meter. De bou moat fuort stillein wurde.