Man rydt op syn frou yn

17 aug 2010 - 14:11

In 39-jierrige man út Surhústerfean is tiisdei yn Bakkefean oanhâlden foar in besykjen ta deaslach op syn frou. It stel krige spul op it parkearplak by in kemping. De man is mei syn auto op de 39-jierrige frou ynriden. De frou kaam op de motorkap telâne. In 28-jierrige man út Hengelo hat de man út Surhústerfean út de auto helle en is op him sitten gean.

Tsjûgen hiene de plysje warskôge. Dy hat de man oppakt. It ynsidint soarge foar in soad opskuor ûnder de tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)