Jonge falt fan steapel spanten

Foto: Anton Kappers
In 14-jierrige jonge út Burgum is tiisdei swier ferwûne rekke by in ûngelok oan de Simmerwei by syn wenplak. De jonge is op fjouwer meter hichte fan in steapel spanten fallen. Dy leine klear foar de bou fan in lisboksstâl. Hy bruts in skonk en rekke ferwûne oan de holle.
Wat de Burgumer dêr die en hoe't er falle koe is noch net bekend. It slachtoffer is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. In oproppen traumahelikopter koe wer fuort.