Mear swalkjongeren yn Fryslân

17 aug 2010 - 12:24

Yn Fryslân binne folle mear swalkjongeren as altyd oannaam waard. Neffens de Stichting Zwerfjongeren Nederland binne der gau twa oant trije kear mear as der registrearre stean. Yn Fryslân binne yn dat gefal sa'n 200 oant 300 jongeren sûnder fêst wen- of ferbliuwplak. Yn ús provinsje krije sa'n 90 jongeren help fan de stifting Zienn. Foarich jier wiene dit goed 60.

De swalkjongeren ferbliuwe foaral yn grutte plakken, lykas It Hearrefean, Ljouwert en Drachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)