CDA kin troch mei PVV

17 aug 2010 - 00:05

It CDA kin gewoan trochgean mei it ûnderhanneljen oer in kabinet mei de VVD en stipe fan de PVV. Dat fynt it CDA Fryslân. Wol moat in regearakkoart foldwaan oan swiere betingsten. It giet om it sosjale gesicht en ek moat der omtinken wêze foar it miljeu.

Dat is de útkomst fan in spesjale ledegearkomste moandei yn Drachten. Yn Fryslân binne CDA'ers foel tsjin gearwurking mei de partij fan Wilders. De groep fynt dat stânpunten fan de PVV de rjochtssteat ûndergrave.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)