Frysk skip wer los yn Sweden

16 aug 2010 - 22:04

It Fryske frachtskip Flinterforest dat freed fêstrûn wie flak foar de kust fan Sweden is wer loskaam. In grutte kraan hat earst 800 ton oan papierrollen fan it skip helle. Dêrnei koene ferskate sleepboaten it 86 meter lange skip loskrije.

It skip sil de kommende dagen ûndersocht wurde op mooglike skea. De kaptein út Oekraïne is oanhâlden foar dronkenskip en gefaarlik faargedrach. It is mei eigendom fan ForestWave Navigation út It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)