Dúdlikens oer boufergunning

16 aug 2010 - 20:00

It kolleezje fan Harns sil tiisdei mear dúdlikens jaan oer de boufergunning fan Omrin. It âlde kolleezje hat yn 2009 in boufergunning ôfjûn foar it bouwen fan ûnder oare in liedingbrêge en in pompgebou. Omwenners en de stifting Afvaloven Nee ha hjir beswier tsjin yntsjinne.

De kommisje foar klachten en beswierskriften hat it beswier grûndearre ferklearre. It is no oan it nije kolleezje om it advys oan te nimmen of ôf te wizen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)