Oanlis lûdswâl Aldskoat begûn

16 aug 2010 - 17:11

Ynwenners fan Aldskoat ha meikoarten gjin lest mear fan 'e sneldyk. It doarp leit oan 'e A32 en dy makket in soad leven. Moandei is úteinset mei de bou fan in lûdswâl. Der wiene al twa lûdswâlen oan de sneldyk, mar by Aldskoat miste in stik fan 750 meter.

Dat soarge foar in soad oerlêst by ynwenners, kampinggasten en minsken dy't troch it oanlizzende natuergebiet kuierjen. De wurkgroep lûdshinder Oranjewâld en pleatslik belang ha jierren aksjefierd foar de lûdswâl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)