BIJ Bosshardt los yn Drachten

16 aug 2010 - 12:45
  • It nije stipepunt fan it Leger des Heils yn Drachten

Yn de Drachtster wyk noardeast hat it Leger des Heils buertstipepunt BIJ Bosshardt iepene. Yn it gebou oan de Stasjonswei kinne bewenners inoar moetsje. Ek is der in kleanwinkel yn it gebou. Meiwurkers fan BIJ Bosshardt geane alle dagen de wyk yn. Se prate mei bewenners en jouwe stipe op tal fan gebieten.

Dat kin in goed petear wêze, help by it ynfoljen fan formulieren of in fraach foar túnûnderhâld. It stipepunt is ferneamd nei majoor Bosshardt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)