Honkbalsters slim skrokken

16 aug 2010 - 11:29

De Drachtster honkbalsters Michelle Bruijn en Hilde Bosker binne bot skrokken fan it sjitynsidint ûnder de wedstriid fan Nederlân tsjin Hong Kong ôfrûne freed. Dit yn it ramt fan it WK honkbal, dat spile wurdt yn Fenezuëla.

In spylster fan Hong Kong waard yn dy wedstriid delsketten. It die bliken dat it om in ferdwaalde kûgel gie fanút in sloppewyk achter it stadion. It toernoai hat twa dagen stillein en is yntusken ferhuze fan Caracas nei Maracay.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)