Sportsprekoere Nij Smellinghe

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten hâldt op moandeis en woansdeis in spesjaal sprekoere foar sporters. It sprekoere is bedoeld om minsken mei in akute earnstige blessuere optimaal helpe te kinnen.
Troch gearwurking tusken de fysioterapeuten en ortopeden yn it sikehûs wurdt der foar soarge dat de sporter sa gau as mooglik wer sporte kin en ek wer oan it wurk kin. Dêrby wurdt gebrûk makke fan in nije testmodule.