Plysje hâldt quadrider oan

16 aug 2010 - 10:19

In 19-jierrige man út Noardburgum is sneintejûn oanholden op in saneamde quad. De man hie noch in ûntsizzing om te riden. Yn earste ynstânsje naaide de Noardburgumer by syn oanhâlding op de Kleasterloane yn Burgum út.

Dêrop waard in achterfolging ynset en koe de fertochte op de Ryksstrjitwei by syn wenplak oanholden wurde. De quad is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)