Bromfyts yn brân yn Ljouwert

16 aug 2010 - 10:03

De brânwacht fan Ljouwert moast sneintenacht yn aksje komme foar in bromfyts dy't yn brân stie op de Vredeman de Vriesstrjitte. De brommer stie ûnder in oerkaping by de yngong fan in skoalle. De brân waard ûntdutsen neidat de reek troch in iepen rút nei binnen luts, wêrtroch it brânalaarm ôfgie.

De bromfyts is ferlern gien en der is wat skea oan it skoalgebou. Brânstifting wurdt net útsletten en dêrom stelt de plysje in ûndersyk yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)