Brân yn skoalle Boalsert

16 aug 2010 - 07:17
  • De brân soarge foar in soad reekûntwikkeling (foto: Jaring Rispens)
  • It gymnastyklokaal (foto: Jaring Rispens)

Yn Boalsert hat moandeitemoarn betiid brân west yn in leechsteand skoalgebou oan de Frjentsjerterstrjitte. It gie om it gymnastyklokaal fan de skoalle. De brânwachtkorpsen fan Boalsert, Parregea en Wytmarsum moasten der oan te pas komme om de brân te bestriden.

Fiif wenten yn omjouwing moasten ûntromme wurde yn ferbân mei mooglik asbest dat frijkommen wie. De minsken koene om healwei sânen hinne werom nei harren hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)