Problemen op Waad en Iselmar

16 aug 2010 - 07:03

It kustwachtsintrum yn Den Helder moast snein yn ferbân mei de hurde wyn mar leafst 29 kear yn aksje komme. Op 'e Iselmar kamen 13 boaten en surfers yn de problemen en op it Waad trije boaten. De oare rêdingsoperaasjes wiene yn Seelân en Súd-Hollân.

Der binne by de ynsidinten gjin minsken ferwûne rekke. It gie foaral om problemen mei de motor en boaten dy't fêstrûn wiene oan de grûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)