Man slacht en driget mei mes

15 aug 2010 - 15:00

In 43-jierrige man út Haulerwyk is sneon oanholden op fertinking fan bedriging. Earder dy dei wie syn auto yn opdracht fan in doarwarder yn beslach naam. De man tocht dat syn auto stald wie by in bedriuw yn Donkerbroek en gie dêrhinne om ferhaal te heljen. Hy waard dêr poerrazend en begûn in 40-jierrige meiwurker te slaan en mei in mes te bedrigen.

Doe't de warskôge plysje de man fûillearre, fersette de man him wêrby't in wrakseling folge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)