Winkeldieven Boalsert oppakt

15 aug 2010 - 12:32

Yn Boalsert binne sneon in jonge en in man út Kreileroord oanholden foar it stellen út in winkel. Winkelpersoniel hie de twa al in skoftsje yn de gaten holden. Doe't se de beide oansprutsen, naaiden se fuortendalik út.

It winkelpersoniel gong der efteroan en koe se efterhelje. Se binne oerdroegen oan de plysje. Se hiene ark en keukenapparatuer stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)