Earste punt SC Hearrenfean

14 aug 2010 - 22:39

SC Hearrenfean hat sneontejûn tsjin FC Twente it earste punt fan it nije seizoen helle. Yn Enschede bleau it tsjin de lânskampioen 0-0.

Beide ploegen wiene oaninoar weage, mei it measte balbesit foar de thúsploech. De Feansters krigen nei in moaie oanfal de earste grutte kâns, mar Christian Grindheim rekke de peal. De kânsen dy't Twente krige waarden net goed ynsketten en wie dat wol it gefal dan stie keeper Kenny Steppe altyd teplak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)