Helmholt ljept 21.10 yn finale

14 aug 2010 - 16:25
  • Bart Helmholt wint FK
  • De winners op in rychje

Bart Helmholt hat yn de finale fan it FK fierljeppen 21.10 sprongen. Hy wint dêrmei foar de tredde kear op rige de Sulveren Pols. Hy mei de wikselpriis dêrom hâlde. Hiel bliid makke er in salto yn it wetter.

By de jonges wûn Age Hulder. By de froulju Hiske Galama en by de junioaren Nard Brandsma. In soad ljeppers ha in wietsprong yn de finale yn Winsum om't se in soad risiko nimme mei de lêste mooglikheid om fier te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)