FK Fierljeppen goed úteinset

14 aug 2010 - 14:43

By it FK fierljeppen yn Winsum hat Age Hulder syn favoriterol wier makke. Hy sprong in nij skânsrekôr fan 17.77. Dat wie fuort by syn earste sprong. Twad by de jonges waard Jan Burghout (16.22) en Gregor Boelens waard tred (16.21). Se steane yn de finale.

De 54e edysje is sneon mei goed 2.500 taskôgers fan start gien. It nivo is heech, in soad ljeppers springe in nij persoanlik rekôr.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)