Twa ûngelokken op A7

14 aug 2010 - 14:27

Op de A7 by Beetstersweach is freedtemiddei in auto oer de kop flein. In automobilist (29) út De Pein kaam troch ûnbekende oarsaak yn de berm en ferlear de macht oer it stjoer. De brânwacht helle him út de auto helle en moast nei it sikehûs.

In man (67) út Lollum is freedtenacht op de A7 by Tsjalbert fan de dyk rekke en yn de sleat telâne kaam. Hy koe sels út de auto komme. Hy is foar kontrôle nei it sikehûs brocht. De oarsaak fan it ûngelok is ûndúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)