Saak skippers foar arbitraazje

It benaude momint fan skipper Robert de Jong
Skipper Robert de Jong fan De Lemmer sjocht foarearst ôf fan juridyske stappen tsjin skipper Peter de Koe. Dit nei oanlieding fan in oanfarring tusken beide skippen ôfrûne woansdei wêrby't De Jong ferwûne rekke. De Lemster skipper hat dit besletten yn in oerlis mei in delegaasje fan it bestjoer fan de IFKS en skipper Peter de Koe.
De saak komt no by de arbitraazje fan it Wettersportferbûn. De skippers lizze har by de útspraak del.