Bouwmeester wer oan de lieding

Marit Bouwmeester yn aksje (foto: Thom Touw)
Marit Bouwmeester begjint sneon yn har Laser Radial as koprinster oan de medaljerace. Yn it Ingelske Weymouth makke se har misse tongersdei mear as goed. De sylster út Warten waard in kear twadde en tredde en giet mei fjouwer punten foarsprong op Sara Winther fan Nij-Seelân de medaljerace yn. Dan komme de bêste tsien sylsters yn aksje en telle de punten dûbel.
It team fan Brechtje van der Werf sylt by it matchracen om it brûns. Yn de heale finale wie Claire Leroy sterker.