CDA-Fryslân praat moandei

CDA-Fryslân praat kommende moandei oer de spanningen binnen de partij dy't ûntstien binne no't der praat wurdt mei de PVV oer in regearakkoart. Tongersdei kamen guon Fryske CDA-pommeranten yn it nijs om't se in hantekening set hiene ûnder in manifest wêryn't se har soarch útsprutsen oer de ûnderhannelings.
De bestjoersfergadering wie earder al útskreaun. De top wol mei de kaderleden byprate oer ûnder oare de kabinetsformaasje.