Koning ferfangt Janmaat

Gerry Koning ferfangt mooglik Daryl Janmaat (foto: Dirk Jan Haarsma)
It is ûnwis oft Daryl Janmaat meidwaan kin yn de wedstriid tsjin FC Twente. Janmaat hat lêst fan syn ljisk en trainde freed mar foar in part mei. Sneontemoarn wurdt definityf beslist of hy meidwaan kin. De kâns is grut dat hy it net hellet. Syn ferfanger is dan Gerry Koning.
Trainer Ron Jans begjint fierder mei deselde spilers as ferline wike tsjin PSV. Sa kiest Jans wer foar Jong-a-Pin yn plak fan El Akchaoui.