Trije Friezen yn Grins oppakt

13 aug 2010 - 12:14

Trije Friezen binne freed oanhâlden yn Grins. De trije pikten it net dat in bekende fan harren in hoarekasaak útset waard en woene ferhaal helje by de portier. De befeiliger waard slein troch in 24-jierrige Drachtster en in 24-jierrige man út Bûtenpost.

Doe't de plysje derby helle waard, misledige in 19-jierrige frou út Kollumersweach harren. Se fersette har tsjin har oanhâlding. It trio sit fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)