Age Hulder favoryt yn Winsum

13 aug 2010 - 12:02

Age Hulder mei bêst in fenomeen neamd wurde yn de fierljepwrâld. Hast út it neat ljepte de 16-jierrige Burgumer dit jier nei in fabuleus Nederlânsk jongesrekôr fan 19.24 meter. En dat is in ôfstân dy't eins net ien foar mooglik hâlden hie yn dizze kategory.

Hulder giet sneon yn Winsum dan ek as topfavoryt fan start foar de Fryske titel. En dat jout druk, ek by de meastal frijút springende Hulder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)