Ferskate brantsjes yn Ljouwert

13 aug 2010 - 10:56

Unbekenden hawwe tongersdeitenacht yn Ljouwert ferskate lytse brantsjes oanstutsen. Op de Hondecoeterstrjitte waard húsried dat op strjitte stie yn 'e brân stutsen. In lantearnepeal rekke troch it fjoer swier skansearre en is fuorthelle. In auto dy't yn de buert stie rûn skea op.

Binnen in oere kamen meldingen binnen fan konteners op de Oldegalilëen, Papaverstrjitte en de Iestrjitte dy't yn 'e brân stutsen wiene. By ien fan bransjes rekke in wenning skansearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)