Drankrider rydbewiis kwyt

13 aug 2010 - 10:24

In 44-jierrige drankrider út Ljouwert moast tongersdeitejûn syn rydbewiis ynleverje. De plysje seach de man op de krusing fan de Keidam en de Brandemeer mei hege snelheid foarby riden.

Doe't de man syn auto op de Keidam parkearre, seach de plysje dat hy wat wif op de skonken stie. De plysjeminsken koene ek rûke dat de man drank op hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)