Organisaasje Snitswike bliid

12 aug 2010 - 19:50
  • De besite fan Beatrix wie ien fan de hichtepunten

De Snitswike is offisjeel noch net ôfrûn, mar de gemeente Snits fynt de 75e edysje no al slagge. Mear minsken as ea hawwe de stêd by it sylevenemint besocht.

Troch it nimmen fan nije maatregels, wiene der ek folle minder opstoppings yn it sintrum fan de stêd. Sa wiene der inkele nije plakken iepensteld as eveneminteterrein en moast al it terrasmeubilêr al om tsien oere binnen helle wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)