'Nij Beets gjin rampattraksje'

It doarp wol net dat der noch mear kearskes, knuffels of blommen dellein wurde
It doarp Nij Beets ropt minsken op om net nei de Van Eedenstrjitte te kommen. It plak dêr't de deade poppen fûn binne moat gjin rampattraksje wurde, sa lit Anko Postma fan pleatslik belang witte. It doarp wol net dat der noch mear kearskes, knuffels of blommen dellein wurde.
Pleatslik Belang sil net minsken keare, mar freget wol om ôfstân te hâlden. Se wolle safolle mooglik de tried fan it gewoane libben wer oppakke.