Ungelok Otterwei by Bantegea

By in ûngelok op de Otterwei by Bantegea binne woansdeitejûn twa minsken ferwûne rekke. In 57-jierrige automobiliste út Bantegea joech op de krusing mei de Ringfeart gjin foarrang oan in 62-jierrige automobiliste út Raerd.
In 93-jierrige frou út De Lemmer dy't by de frou út Bantegea yn de auto siet, rekke ferwûne. De 62-jierrige bestjoerster út Raerd moast troch de brânwacht út har auto helle wurde.