Bouwmeester behâldt kopposysje

De boat mei ûnder oare Brechtje v.d. Werf (foto: Richard Langdon)
Sylster Marit Bouwmeester stiet nei de tredde dei fan de wedstriden op it Olympyske wetter fan Weymouth noch hyltyd oan kop yn de Laser Radial klasse. Woansdei sylde se yn de iennichste race fan de dei nei in 8ste plak. Marit dielt it earste plak mei de Fransêze Sophie de Turckheim.
Ek Brechtje van der Werf docht it hiel goed by it matchracen. Se pleatste har, troch winst op Dútslân, mei har ploech foar de sterkste groep dy't de kommende dagen om de prizen sylt.