Dost skoart foar Jong Oranje

Foto: SC Hearrenfean
Hearrenfeanspiler Bas Dost hat der mei foar soarge dat Jong Oranje him pleatst foar de play-offs foar it EK. Dost foel yn de 63ste minút yn en skoarde in kertier letter de tredde goal tsjin Liechtenstein. Nederlân wûn mei 3-0 en moat no ôfwachtsje wa't de folgjende tsjinstanner wurdt yn de play-off.
Hearrenfeanspiler Daryl Janmaat begûn yn de basis en waard nei in oere wiksele. Geert Arend Roorda wie nei trije jier wer oproppen, mar spile net.