Alderwetske dowe-wedstriid

11 aug 2010 - 20:49

It wie in wier spektakel woansdei by de âlderwetske dowe-wedstriid op De Westereen. Neidat de dowen fan harren reis út België weromkaam wiene, moasten de dowehâlders hurd mei it rinkje nei de kroech fytse om harren tiid te klokken.

Dit barde ûnder grutte belangstelling fan doarpbewenners. Fan alle 80 dowen kaam dy fan Piet Boersma as earste oan. Sieberen Wierstra fan Twizelerheide hat lykwols de wedstriid wûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)