Partoer Boalsert wint Freule

11 aug 2010 - 17:49

Boalsert hat fan Sint Anne wûn by de Freule yn Wommels. Beide partoeren wiene yn 't foar al as favoryt bestimpele.

It partoer mei Hendrik Bouwhuis, Willem Siebe Hilverda en Peter van Zuiden fan Boalsert wûn mei 5-3 en 6-4 fan it partoer fan Sint Anne mei Rein Hiemstra, Sjoerd de Jong en Krijn Hiemstra. De jonges fan Boalsert wûnen ferline wike ek de generale. It wie in spannende wedstriid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)