From Wolvegea fallyt

11 aug 2010 - 15:54

It skildersbedriuw From yn Wolvegea is troch de rjochtbank fallyt ferklearre. It fallisemint wie oanfrege troch de wurknimmers. Neffens kurator Cnossen is ûndúdlik wat de oarsaak is.

It bedriuw is ticht, de bedriuwshallen lykje leech en de doarren sitte op slot. De eigner fan it bedriuw is net mear te finen. De famylje From hat it bedriuw in pear jier lyn ferkocht en hat neat mear te krijen mei it skildersbedriuw. It personiel wie earder al nei hûs stjoerd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)